Doarpskeamer Nij Baarderadiel (2 talig)

De buert- en doarpskeamers meitsje diel út fan it Wmo-belied fan de gemeente Ljouwert. Frijwilligers en professionals wurkje hjir gear. Se dogge dit troch gebrûk te meitsjen fan elkoars mooglikheden, kennis en feardigens.

Us doarpen hawwe de Doarpskeamer Nij Baarderadiel yn De Wjukken yn Mantgum.

It doel fan ‘e Doarpskeamer is om in ferbining te jaan tusken ynwenners en in plak te wêzen foar ûntspanning en moeting. Derneist slúte maatskiplike organisaasjes lykas Amaryllis oan om leechdrompelige tagong te bieden foar stipe oan minsken dy’t problemen hawwe yn it deistich libben. Tink bygelyks oan finansjele problemen, âlderproblemen, relaasjeproblemen, ynformele soarch, ensfh. Mar ek kursussen oanbiede lykas omgean mei kompjûters, ynformaasjekampanjes, omgean mei sosjale media binne mooglik.

“Doarpskeamer Nij Baarderadiel (2 talig)” verder lezen