Omrop Fryslân 18 nov. 2021 – Baard bringt eigen boerdspul út: Ganzenbaard

De aktiviteitekommisje fan Baard betocht in eigen boerdspul: Ganzenbaard, om wol wat te dwaan yn dizze tiid fan coronabeheiningen.

Marco Buines & Jan Reitsma

It op ‘ganzenbord’ basearre spultsje is folslein taspitst op it eigen doarp, mei Baarder strjitnammen en Baarder aktiviteiten. Doe’t aktiviteiten fanwegen corona fuortfoelen, woenen se wat oars betinke en dan gjin online pubkwis. “We wilden iets voor de familie organiseren en zo kwamen we op het bordspel”, seit Erik Jutte fan de aktiviteitekommisje.

Op it boerd stiet ûnder oare it kafee. Elke famylje hat in spul krigen. De organisaasje hat noch wat eksimplaren lizzen, dy’t foar 5 euro it stik te ferkrijen by de kommisje.

Sjoch op Omrop Fryslân

Delen:
Instagram