Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Inez Timmer en Thijs Meester – Rjocht yn’t hert

In nije roetswarte en muzikale Fryske komeedzje mei Inez Timmer en Thijs Meester.

De tafel is kreas dekt, de kearsen baarne, de keamer is smûk en it hûs oan kant. Dit wurdt Irene Dorée’s lêste jûn en dy moat bysûnder wêze. Har favoriete film komt op tillefyzje en dêr sjocht se bot nei ût. Noch ien kear genietsje, noch ien kear hearlik romantysk swolgje en weidreame. En dan der ût stappe. Perfekt. En krekt op dat momint bejout de tv it….. Aldergelokst is de teleneedtsjinst der en dy stjûre fuortdaliks harren bêste man: Freddy Posthuma. En dan komt alles oars. Hoe’t it ferhaal ôfrint bepale de taskôgers. In demokratyske en muzikale komeedzje yn twa bedriuwen. 

Mitten in’s Herz, Angelika Bartram is oerset troch Hans Brans dy’t ek de rezjy yn hannen hân hat.

26 februari 2021 @ 20:00 22:15

Reserveren @ Café Baard

‘Rjocht yn’t hert’.

Bovenzaal Café Baard

Dekemawei 9
Baard, Friesland 8834 XA Nederland
https://cafebaard.nl
Delen: