Doarpskeamer Nij Baarderadiel (2 talig)

De buert- en doarpskeamers meitsje diel út fan it Wmo-belied fan de gemeente Ljouwert. Frijwilligers en professionals wurkje hjir gear. Se dogge dit troch gebrûk te meitsjen fan elkoars mooglikheden, kennis en feardigens.

Us doarpen hawwe de Doarpskeamer Nij Baarderadiel yn De Wjukken yn Mantgum.

It doel fan ‘e Doarpskeamer is om in ferbining te jaan tusken ynwenners en in plak te wêzen foar ûntspanning en moeting. Derneist slúte maatskiplike organisaasjes lykas Amaryllis oan om leechdrompelige tagong te bieden foar stipe oan minsken dy’t problemen hawwe yn it deistich libben. Tink bygelyks oan finansjele problemen, âlderproblemen, relaasjeproblemen, ynformele soarch, ensfh. Mar ek kursussen oanbiede lykas omgean mei kompjûters, ynformaasjekampanjes, omgean mei sosjale media binne mooglik.

De keazen namme makket dúdlik dat de doarpskeamer bedoeld is foar alle doarpen yn dit gebiet. Sûnt jannewaris 2021 is doarpskeamer Nij Baarderadiel iepen op tiisdeitemiddei en freedtemoarn. Fanwegen de Corona-beheiningen binne de aktiviteiten noch minimaal en hawwe wy noch gjin iepen ynrin oanbiede kinnen.

De bedoeling is dat wy as doarpen meielkoar sjogge nei hoe’t wy ús Doarpskeamer fierder ûntwikkelje kinne.

It is wichtich dat alle omlizzende doarpen eigen sosjale struktueren behâlde en fersterkje. De Doarpskeamer Nij Baarderadiel wol hjir in ekstra oanfolling op wurde troch plak te bieden oan aktiviteiten, tsjinsten en maklike tagong ta help en stipe.

Wy noegje minsken fan de doarpen fan “Nij Baarderadiel” fan herte út om mei te dwaan

yn’ e syktocht nei in ynfolling fan ‘e Doarpskeamer Nij Baarderadiel dy’t fan mearwearde is!

Ynteressearden kinne contact opnimme mei Klaas Hoekstra fan Mantgum fia bestuur@wjukken.nl om mei te tinken.

Wolle jo mear witte oer de eftergrûn fan it WMO beleid as oer de doarps en buertkeamers? Sjoch op de webside: www.lwdvoorelkaar.nl

Doarpskeamer Nij Baarderadiel

De buurt- en dorpskamers zijn onderdeel van het Wmo-beleid van de gemeente Leeuwarden. Hier werken vrijwilligers en beroepskrachten samen. Dat doen ze door gebruik te maken van elkaars mogelijkheden, kennis en kunde.

Onze dorpen hebben de beschikking over Doarpskeamer Nij Baarderadiel in De Wjukken te Mantgum.

Het doel van de Doarpskeamer is om een ​​verbinding te bieden tussen bewoners en om een ​​plek te zijn voor ontspanning en ontmoeting. Daarnaast sluiten maatschappelijke organisaties zoals o.a. Amaryllis zich aan om laagdrempelig toegang te bieden tot ondersteuning aan mensen die problemen ervaren in het dagelijks leven. Denk dan bijvoorbeeld aan financiële kwesties, opvoedingsproblemen, relatieproblemen, mantelzorg, etc. Maar ook het aanbieden van cursussen zoals omgaan met computers, voorlichtingscampagnes, omgaan met social media, behoren tot de mogelijkheden.

De gekozen naam maakt duidelijk dat de dorpskamer bedoeld is voor alle dorpen in de omgeving. Sinds januari 2021 is doarpskeamer Nij Baarderadiel op dinsdagmiddag en vrijdagochtend geopend. Vanwege de Corona-beperkingen zijn de activiteiten nog minimaal en hebben we nog geen open inloop kunnen bieden. Het is de bedoeling dat we als dorpen samen gaan kijken hoe we onze doarpskeamer verder kunnen invullen.

Het is van belang dat alle omringende dorpen hun eigenheid en hun eigen sociale structuren behouden en versterken. De Doarpskeamer Nij Baarderadiel wil daar met activiteiten, diensten en een laagdrempelige toegang tot hulp en ondersteuning een extra toevoeging op zijn.

We nodigen geïnteresseerden vanuit de doarpen van “Nij Baarderadiel” dan ook van harte uit om samen met ons te zoeken naar een invulling van de Doarpskeamer die van toegevoegde waarde is!

Geïnteresseerden kunnen contact opnemen met Klaas Hoekstra van Mantgum via bestuur@wjukken.nl om mee te denken.

Wilt u meer weten over het Wmo beleid of de dorps- en buurtkamers? Kijk dan op de website www.lwdvoorelkaar.nl

Delen:
Instagram